Successfully reported this slideshow.
We use your LinkedIn profile and activity data to personalize ads and to show you more relevant ads. You can change your ad preferences anytime.
Reboelje yn de Dongeradielen, deel 2, D.P. Keizer

Upcoming SlideShare
Loading in …5
×

Reboelje yn de Dongeradielen, deel 2, D.P. Keizer

482 views

Published on

Dit boek giet oer de reboelje yn de Dongeradielen op 2 July 1749. Yn it
bytsje literatuer dat der oer bestiet jildt dizze reboelje as in lest oplog-
jen fan it pachtersoproer en de Doelistebeweging yn de simmermoan-
nen fan it jier tefoaren, dêr't ek Fryslan syn oanpart yn han hie. It
pachtersoproer en de Doelistebeweging hawwe winlik de iennichste
oer alle provinsjes fersprate revolusionaire beweging west dy't Neder-
lan ea han hat; alteast, as de opstan tsjin Filips II sjoen wurdt as de
striid tsjin frjemde oerhearsking dy't er nei myn betinken is. Faaks
just om't it sa'n suver Nederlanske beweging wie, wiene net allinne de
fertuten sa drövige lyts, mar waard der ek mear by praat as dien.
Geunstich wie dat yn safier't der suver gjin geweld oan te pas kaam.
Yn Fryslan foelen alhiel gjin deaden. Wol yn Amsterdam, mar yn dy
wraldstêd plichte it by breinroerichheden altyd wat füleindiger om en
ta te gean.
Lang om let hat de reboelje yn de Dongeradielen Fryslan noch syn
martelder jün. Hy hjitte Jacob Sybes: in simpele boere-arbeider dy't
as iennichste fan de haadmannen yn 'e hannen foei fan de justysje. Hy
krige moai hastich de deastraf en waard op 18 april 1750 yn Ljouwert
ünthalze. In healwiis hege straf f oar in man dy't amper besleur hie oer
wat er ütheefd hie. Mar healwiis hege straffen - alteast yn us eagen -
wiene yn dy tiid wizansje. It strafrjocht wie doe rojaal mei giseling en
dea.
Yn de trije jier dat ik my yn dit stikje Fryske histoarje ferdjippe haw,
hawwe underskate Iju my help bean. Ik tink hjirby benammen oan de
hearen D. P. de Vries en P. Nieuwland fan it Ryksargyf yn Ljouwert
en ek oan mefrou mr. B.S. Hempenius fan de Ryksuniversiteit te
Grins, dy't my it nedige ynsjoch jun hat yn de rjochtsgong by it Hof
fan Fryslan. Ik haw der tankber gebrük fan makke by it gearstallen
fan haadstik VII. Ek de hearen G.A. Kingma, argivaris fan West-
dongeradiel, en mr. B. Olthofwol ik graach neame. Harren allegearre
betsjügje ik myn oprjochte tank. Mei de ynhald fan dit boek hawwe
hja gjin bemuoiing han. Dit stikje skiedkundige husflyt bliuwt alhiel
foar eigen rekken.
D. P. Keizer

Published in: Education
  • Be the first to comment

  • Be the first to like this

×